Bern CBS De Welle op aventoer by boer Bakker

GINNUM

 De bern fan groep 5/6 fan CBS De Welle giene 10 maaie op aventoer by greidefûgelboer Bakker yn Ginnum. Yn it lân wiene in protte strânljippen, skriezen, ljippen, bercheinen en tsjirken.

De bern ha in flinke kuier makke troch it lân dêr’t de wetterstân heger is, mear blommen groeie en dus mear ynsekten binne. Boer Bakker buorket mei each foar de greidefûgels. Op de pleats diene de bern opdrachten. Lykas: wat is de Fryske, de Nederlânske en de Ingelske namme fan de fjouwer greidefûgels? En: sykje nêsten en pykjes op it hiem, dy wiene der genôch. Yn’e stâl by de kij siet in ein te brieden, sweltsjes hiene harren nêst yn ‘e stâl tsjin de balken plakt en der wie ek in nestkast mei in goudûle yn ‘e oare stâl. De bern wisten al in protte fan de greidefûgels. Dat komt omdat de bern yn skoalle de opdrachten út it lesboekje ‘ Maitiid yn it lân’ makke ha. De opset fan it trijetalich, differinsearre lesprogramma Maitiid yn it lân is: 1. in yntroduksje yn skoalle mei de dvd. “Lit se net fleane’ (mei Syb van der Ploeg yn ‘e haadrol). 2. Yn skoalle ûnder de lessen biology of wrâldoriïntaasje – yn ’t spier mei de oare fyftjin opdrachten. 3. Op ‘e fyts nei in greidefûgelboer. Dêr in moarnsskoft oan ‘e slach mei de bûtenopdrachten. It hat bliken dien dat dizze meartalige, differinsearre oanpak tige geskikt is yn de ûnderwiislearsituaasje yn de twa trijetalige skoallen. Mar ek de oare Nederlânsktalige skoallen (mei de ferplichting Frysk oan te bieden en te brûken) binne o sa te sprekken oer it didaktysk konsept. Hja brûkten it programma by de leargebieten Frysk, Ingelsk en Biology. Dizze besite fan de bern oan boer Bakker is ûnderdiel fan it edukaasjeprojekt Op aventoer en maitiid yn it lân, dat dit jier oan it ûnderwiisfjild yn Fryslân oanbean wurdt. De measte bern witte net folle mear oer greidefûgels, oer bioferskaat en dat de greidefûgels wiet en farieard lân nedich hat. Dêrom geane de bern nei in boer dy’t yn syn bedriuw ek rekken hâldt de greidefûgels.

Auteur

Marike Van der Molen