FNP stekt personiel en besikers Sionsberg hert ûnder de riem

DOKKUM

De FNP Fryslân hat 3 oktober 2016 in suksesfolle aksje hâlden by Sionsberg yn Dokkum. Mei dizze aksje hat de FNP it personiel fan de Sionsberg mar ek de ynwenners fan Noardeast Fryslân in hert ûnder de riem stutsen. De FNP’ers hawwe op lokaasje mear as 300 (biologyske) “sûnensappeltsjes” útdield. De besikers én meiwurkers fan Sionsberg hawwe posityf reagearre op de aksje fan de FNP.

De FNP hat alle fertrouwen yn de Sionsberg en dat hawwe ek de ynspeksje, de húsdokters en de pasjinten út de regio Noardeast Fryslân. De FNP komt ta dizze aksje omdat de takomst fan de Sionsberg troch it opsizzen fan it kontrakt troch de soarchfersekerder ‘De Friesland’ op it spul stiet. De FNP is ynnommen mei it positive nijs fan de direksje fan Sionsberg dat it tal pasjinten en besikers oan de Sionsberg wer yn ‘e lift sit. Dit jout oan dat der wol deeglik betrouwen en draachflak yn de regio is.

Auteur

jkommerie