Klucht 'Ik wol gjin oare mem' fan Pro Rege út Holwert

FERWERT

Freed 4 novimber spilet toanielselskip ‘Pro Rege’ út Holwert yn seal ‘Grand Cafe Út en thús” Foswert yn Ferwert har nyste klucht: 'Ik wol gjin oare mem'.

It stik yn it koart: Bram de Groot docht yn fersekeringen en hy kin noch in oar rayon derby krije. Dan moat er wol troud wêze, want de minsken dêr’t er de saak fan oernimme sil, binne frijwat konservatyf. En dêr sit de angel by Bram, hy wennet op dit stuit allinnich mei syn dochter Desiree. Op it internet treft er in frou, Christien, dy’t wol tydlik syn frou spylje wol, mar der eins ek fan útgiet dat it tusken har en Bram wat wurde sil. Desiree kin lykwols beslist net mei Christien oer wei en se hellet alles út de kast om fan Christien ôf te kommen. Mar giet se dêrby net in lyts stapke te fier? It belooft wer in jûn te wurden mei in protte wille, fertier en miskien wol echte leafde.... It begjint om 20.00 oere en de tagongspriis is € 10,- p.p. Yn it skoft sil der in ferlotting wêze mei moaie prizen. Eltsenien is tige wolkom!

Auteur

jkommerie