“Jou in bern in boek” yn Ferwerderadiel

BLIJE

 Op moandei  24 oktober is it wer in spesjale dei foar de bern yn de gemeente Ferwerderadiel. Dan is der wer “Jou in bern in boek”. De bern fan de groepen 8 fan de basisskoallen yn de gemeente krije dan in Frysk boek.

Yn MFA Fjildsicht yn Blije komme de bern fan groep 8 fan de skoallen yn Ferwerderadiel byelkoar. Minne Minnesma fan Loftsiler út Joure komt del om te fertellen oer syn wurk as ballonfarder.  De bern krije it boek “De wrâld yn 80 dagen” fan Jules Verne. Jules Verne ( 1828 - 1905 ) syn earste boek kaam út yn 1863: “Cinq semaines en ballon” ( 5 wike yn in luchtballon). De bern fan groep 2 krije it boek “Kom út dy kraan”. It boek wurdt op 2 novimber op de skoallen útdield troch meiwurkers fan de bibleteektsjinst. Aktyf Frysk taalbelied De gemeente Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Net allinne yn de eigen organisaasje stiet it Frysk heech yn it findel, de gemeente wol it Frysk ek ûnder de ynwenners fan Ferwerderadiel stimulearje.

Auteur

Koos Molenaar