Twadde printinge bekroande 'Erik of it lyts ynsekteboek'

Leeuwarden

Der komt definityf in twadde printinge fan it boek 'Erik of it lyts ynsekteboek' (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar fan Damwâld) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans. Begjin septimber waard bekend dat de Obe Postmapriis, de provinsjale priis foar oersettings, oan it boek takend wurde soe. De útrikking fan de ‘Obe’ oan Tigchelaar is op freedtemiddei 4 novimber yn it Steedhâlderlik Hôf te Ljouwert. Fan dy deis ôf sil ek de twadde druk te krijen wêze.

De earste printinge fan ‘Erik’ wie binnen in jier útferkocht. Nei oanlieding fan de takenning fan de oersetpriis hat Utjouwerij Regaad in yntekenaksje op tou set om in twadde druk bestuiverje te kinnen. Neist de yntekeners hat it Fryske Gea de twadde druk mei mooglik makke. It boek is no al te bestellen fia de boekwinkel of fia de webwinkel fan de útjouwer (regaad.nl).

Auteur

jkommerie