Achmea Culpa mei 'Kredyt' nei Doarpshûs de Pipegael

Broeksterwoude

Kredyt is de opfolger fan de suksesfolle kroechteaterstikken Katarsis, Kredo en Krimp. Kredyt komt fan it Latynske Credere en betsjut ‘leauwe of tabetrouwe’.

Nei dat Knilles yn ‘Katarsis’  syn dochter kwyt rekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen: de Ahalteke, it gouden hynder. Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen. Hy moetet de Twentske Hettie, se skriuwt in boek oer in Fryske artyst dy ’t se hertstochtlik adoreard. De politiker, Peke van der Klamp, nimt al fêst wat kredyt op de demokrasy. It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir trochhinne slacht. Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn ‘Kredyt’ komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok. Spilers Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma ha dr wer tige nocht oan om yn Doarpshûs de Pipegael har stik te spiljen, foar de freed 4 novimber bin noch kaarten te keap, de sneon is ûtferkocht. Wolle jo dit skitterende stik net misse, bestel dan kaarten fia:0511-420635 / info@depipegael.nl

Auteur

jkommerie