De Jongfryske Mienskip wol politike dei fan Fryske ienheid

Borkum

Al mear as in desennium binne de Friezen yn West-, East- en Noard-Fryslân by de wet

erkend as nasjonale minderheid. Dêrtroch binne der foar de Friezen yn de ferskate Fryske gebieten gjin ûnderlinge grinzen mear. Yn neifolging fan it Dútske ienheidsfeest op 3 oktober wolle ek de Friezen in dei fan Fryske ienheid sûnder grinzen en mei in eigen identiteitsbewiis. Op sneon 29 oktober stie it eilân Boarkum bol fan de Friezen mei in helder boadskip: “Fryslân reunited!”. Sa’n 35 Friezen út West- en East-Fryslân hawwe mei in ludike aksje de serieuze intinsje fan gearwurking tusken álle Fryslannen útdroegen. De Dútsers en Nederlanners hawwe jierrenlang striden oer in saneamde seegrins tusken beide lannen, mar tusken de Fryske lannen binne grinzen ûnsin! Op it eilân Boarkum hawwe De Jongfryske Mienskip yn gearwurking mei de politike beweging Die Friesen mei in mienskiplike symboalykse aksje dúdlik makke dat it eilân en de see deromhinne net Dútsk of Nederlânsk is, mar Frysk! 'Wy wolle ek foar de Fryske polityk fan de ferskate gebieten in dúdlik sinjaal jaan, stypje ús aksje. Wy hawwe mei syn allen de besteande symboalyske grinspeal ludyk 'opkreaze'.' Ut de Iemshaven is it in lytse stap oer de see nei it eilân dêr’t in grinsmarkearring stiet; “Nordwestlichster Punkt Deutschlands”, in grutte peal yn ’t dunelân. De 'reunited Friezen' wolle sizze dat de striid tusken de Nederlânske en de Dútske autoriteiten om ‘e seegrins oerstallich en bespotlik wie. Eilânbewenners fan Boarkum blike fjoerrich de Fryske identiteit te fielen en wy hawwe de heraldysk erkende Noardseeflagge dan ek oerlange oan de boargemaster fan ’t eilân. Op dizze Fryske Dei op it eilân Boarkum binne de Friezen noch wer better yn ’e kunde kaam mei de lokale befolking troch dêr tegearre te iten, drinken en in stikmannich Friezen hawwe de nacht ek op Boarkum bleaun. 'In lykwichtich en krêftich 'Fryslân Reunited' sil noch lang nei daverje yn alle Fryslannen! As wy mei syn allen de hannen ynien slaan jouwe wy in lykwichtich en krêftich boadskip. Wy fan de Jongfryske Mienskip en de partij Die Friesen hawwe in kollektyf fan Friezen byïnoar brocht om op 29 oktober dit wichtige boadskip út te dragen: Fryslân reunited! De gearwurking tusken alle Fryslannen is wichtich foar de takomst.'

Auteur

jkommerie