Toanielferiening Pro Rege spilet klucht: 'Ik wol gjin oare mem'

Holwerd

In te gekke klucht, hearlik laitsje en yn it skoft en nei ôfrin musyk fan  Daniël Metz sadat de fuotten fan de flier kinne! Mei al dit fertier belooft it in hiele geselliche jûn te wurden en dêr wolsto dochs by wêze? Jim binne tige wolkom op freed 6 jannewaris 2017 yn it Sintrum yn Holwert. It begjint om 20.00 oere.

Wat dochst?, asto de kans krigest in fersekeringskantoar oer te nimmen mar de minsken wer’t de saak fan is binne konservatyf en do moast eins troud wêze? Do wennest allinnich mei dyn dochter…..dan mar op internet sykje nei in frou? Wat tinkst ?, as dyn heit in oare frou yn ‘e hûs hellet? Bist bliid foar him as tinkst: “ik wol gjin oare mem”? Wat sykest?, as frou, gewoan in leuke man, as sit der miskien mear efter? Nim dêr by in net alle te tûke sekretaresse mei in pittige dochter, in klussende freon en in konservatyf echtpear. Husselje dit alles troch elkoar en je krije in jûn dy’t soarget foar in protte wille, bryke situaasjes en miskien wol echte leafde….? Op alle fragen krije je in antwurd yn de klucht“ Ik wol gjin oare mem” fan Astrid Baijs en Jan Tol en oerset troch Gurbe Dijkstra, spyle troch Toanielferiening Pro Rege út Holwert. Fansels is der wer in ferlotting mei moaie prizen. Kaartferkeap: Foarferkeap:  € 10,- Bern oant 12 jier € 6,- Oan ‘e seal:  € 12,- Bern oant 12 jier € 7,50 Foarferkeapkaarten binne te reservearjen op toneelholwerd@hotmail.com Of telefonysk by: Johanna van der Meij 06-10417860 as by Willem Verbeek 06- 12631366

Auteur

jkommerie