Nijste show Klún & Knoffelhakke ‘dik’ yn oarder

Dokkum

Sneontejûn iepene it Dokkumer teater ‘Sense’ syn doarren foar in nij seizoen en die dat mei de premiêre fan it achtste programma fan it duo ‘Klún & Knoffelhakke. In dûbel nij begjin dus.

‘Dikke Maten’ hjit it programma, dêr’t Broer Douma en Hendrik van der Heide nei 16 septimber 2017 op ferskate plakken yn  Fryslân mei optrede sille.

‘Sense’ hie de primeur en in folle bak oan publyk. Dat helle syn hert tige op by alles wat de twa tsjinpoalen op it poadium as yn de seal nei foaren brochten.

De maten binne it yn dizze show lang net altyd mei inoar iens, mar kwa gewicht binne se mear as ‘dikke maten’. Siket Hendrik it foaral yn aksje – in dûnske as wat balletpaskes – om pûnen kwyt te reitsjen, Broer kiest de maklikste wei, dy fan de pillen.

Utsein harsels, spilet it duo komysk oanklaaide typkes, dy’t yn moai oan inoar fêstknope sênes foarby komme. De petearen dêryn rinne goed en de timing fan de grappen is prima.

In prachtsêne is dy fan it skoalreiske, mei in master dy’t edukatyf oan de gong is en it jonkje Sybe dat de saak ferballet.

It reiske draait út op in meisjonger mei it publyk, dat op in bepaald stuit ek fungearret as shantykoar.

Net allinnich as master en learling steane Broer en Hendrik tsjinoer elkoar, ek as kapper en klant, as man en frou mei in elektryske fyts en as bussjauffeur en passazjier.

Harren dialogen, dwaan en litten roppe hieltyd wer de laits op.

It sjongen giet har goed ôf en de wizen bringe fleur. Sels dy fan it slotliet, dat spitigernôch de ein betsjut fan dit oer alle boegen oangename programma.

In programma mei in swymke seks, in doasis nostalgy en sels wat maatskippijkritiek: de smarphone wurdt stikkentrape.

In lettere moeting fan de master en de learling út in eardere sêne is in hiele aardige fynst, lykas de befrijing oan de ein út de slank meitsjende korsetten. Sa wurde Broer en Hendrik wer ‘Dikke Maten’. Maten mei in show, dy’t ‘dik’ yn oarder is.

Tekst: Rennie Veenstra

Foto's: Jan van Empel


Auteur

jkommerie