Kabaretselskip “Trijekaert” yn de Museumtsjerke yn Wierum

Wierum

Besikers kinne harkje nei in praatsje, in sankje, in gedichtsje en fleurige ferhaaltsjes, meast út eigen wurk. Ofwiksele troch akkordeonmuzyk ( Aant Westra) mei allerhande bekende meisjong lietsjes, Janneke Themmen en Klaske Kingma-Noordenbos meie hiel graach mei elkoar sjonge en muzyk meitsje. It wichtichste foar harren is om minsken in pear noflike oerkes te besoargjen. Dit sil seker slagje yn de sfearfolle Museumtsjerke, Haadstrjitte 17, Wierum.

Besikers binne tige wolkom op sneon 20 Jannewaris , jouns om 8 oere. Kaerten oan de seal ynkl.consumpsje ad. € 8,00.

Auteur

jkommerie