Burdaarder Toanielselskip presintearret de komeedzje Flean op!

Burdaard

In húshâlding fan Jan Steen. Tineke, styfmem fan trije bern, is troud mei Hans. Har mem wennet by de hýshâlding yn. Dat is net alles, want de broer fan Tineke en de suster fan Hans komme ek geregeld del. Dan binne der ek noch buorfroulju en oare oanrinners. Tineke is de persoan dy’t alles foar elkenien docht yn de húshâlding. Se draait op foar allerhande ferfelende putsjes. Bliuwt dat sa of …..? De titel wiist in oare kant op. Flean op! is in fleurige komeedzje ûnder rezjy fan Hendrik van der Heide en is te sjen op freed 2 febrewaris (20 oere), snein 4 febrewaris (14.30 oere), sneon 10 febrewaris (20 oere) yn MFC Het Spectrum te Burdaard. € 10,00 (freed en sneon), € 7,50 (sneintemiddei). Sneontejûn musyk nei.

 

Auteur

jkommerie