It Wierumer toanielselskip bringt  “Wat binne wy moai fuort net?”

Dokkum

It Wierumer toanielselskip bringt “Wat binne wy moai fuort net?” fan Diana Monshouwer yn in Fryske oersetting fan Siep Jorna.

In lyts reisselskip giet ûnder begelieding fan in gids nei binnenlânen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou Luciel. Ek mei binne Henk en Annie, dy't in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje; se sjogge der hielendal nei út want it is wol wat oars as Benidorm fansels. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet.

Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha. Al gau docht bliken, dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy't har brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus! At dan ek noch Frieda, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in survivaltocht!

“Wat binne wy moai fuort net?” is in komysk en fermaaklik blijspul ûnder rezjy fan Klaas Fokkinga Sz en is te sjen op freed 16 febrewaris en sneon 17 febrewaris, beide kearen om 19:30 oere yn it doarpshûs De Pipenâle yn Wierum.


Auteur

jkommerie