Ald-learling Dockinga promoatet it Frysk

DOKKUM

Geart Tigchelaar hat syn oersetting Swarte Swan (orizjineel Zwarte zwaan fan Gideon Samson) op 21 maart 2018 presintearre foar 150 learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum.

Tigchelaar hat dêr in jier as tsien lyn sels eksamen Frysk dien. Mei de presintaasje woe er net allinnich it boek omtinken jaan, mar yn’e mande mei Gretha Hoekstra – dosinte Frysk – oan de bern toane watst sa al mei it Frysk kinst. Tigchelaar hat nei de Hafû Frysk studearre yn Grins en is oersetter, skriuwer en dichter. Oankommende tongersdei sil er de klassen fan Hoekstra by del dêr’t Frysk jûn wurdt om oer it boek te fertellen en mei harren oan ’e slach mei oersetten. Tigchelaar en Hoekstra wolle de learlingen oantrune om kreatyf dwaande te wêzen mei de Fryske taal en harren dêr entûsjast foar te meitsjen.


Auteur

Redactie