Sequens winnaar Frysk songfestival Liet

Sequens út Surhústerfean is de grutte winner wurden fan Liet, it Fryske songfestival dat justerjûn holden waard yn popsintrum Neushoorn yn Ljouwert.

It duo, besteande út Wieger Jelsma en Angeline Westra krige de sjuerypriis foar Do bist frij. Minke & Lucia waarden twadde mei Nachts en Folkert-Hans tredde mei De taal fan muzyk. Sequens krige ek de muzkantepriis, útrikt troch de dielnimmers, en waard twadde by de tekstpriis dy’t nei Volk!! gie. Sequens sil yn april nei Liet Internasjonal, it Europeeske minderhedensongfestival dat dan yn it Deenske Abenraa. holden wurd.

Abenraa

Sequens sil yn april nei Liet Internasjonal, it Europeeske minderhedensongfestival dat dan yn it Deenske Abenraa. holden wurd.

Lees verder LC+ | De winst is foar it Fryske liet