FNP op wurkbesite by Interzorg Ferwert

FERWERT - Ferline wike wie in delegaasje fan de FNP-Noardeast-Fryslân Fraksje op wurkbesite by Interzorg yn Ferwert, miskien wol better bekend as Foswert.

Mei ferskate ûnderdielen sa as thússoarch, thúsbegelieding, húshâldlike help, maaltijden service en in wensoarchsintrum mei ferpleechhûssoarch is Foswert net allinnich in begrip yn ús gemeente mar ek fier dêr bûten.

Oanlieding fan dizze wurkbesite is de feroaringen omtrent de wet maatschappelijke ondersteuning (WMO) sa as u.a. de húshâldhelp mar ek de burokrasy yn de soarch en de problematyk die dit mei sich mei bringt.

Wat binne de útdagingen en wêr rint de soarch tsjin oan en wat kin de gemeente hjir oan dwaan om de soarch better, betelber en tichtby te hâlden.

De FNP set him hjir foar yn, want sy draacht de soarch in waarm hert ta.