Ternaarder Tekkenhaaksters diele krûpkekessens út

Ternaard - De Ternaarder tekkenhaaksters komme yn de koronatiid net mear byelkoar mar haakt wurdt der omraak. Sa hawwe se kessens haakt en de earste krûpkekessens binne ôfrûne sneon yn Ternaard rûnbrocht.

It earste krûpkekessen is troch deputearre Fokkinga oerlange oan frou Van der Weg. Sy wie der oandien fan dat der om har tocht waard yn dizze tiid. Om’t de kontakten fuortfalle is elk stikje omtinken fan grutte wearde . Se wurdearre it tige en spruts har tank út. De froulju hawwe dy middeis ferskate minsken bliid makke mei in Krûpkekessen.

Gearwurking

Doe’t Johannes Herder fan de pleatslike Sparwinkel hearde fan dit projekt woe hy graach in stientsje bydrage. Yn elk taske sit in cadeaubon fan de Spar en sa ek Waddenvlam dy’t in hertfoarmich kearske beskikber stelde.

Mienskipsfûns

De Ternaarder Tekkenhaakster hawwe harren projekt yntsjinne by it Mienskipsfûns en hawwe in bydrage fan 500,- euro krigen. De haaksters hake troch en sille de kommende tiid noch mear minsken bliid meitsje mei sa’n krûpkekessen. Earst yn Ternaard en letter sykje se noch mear adressen. Mochten der minsken wêze dy’t in krûpkekessen brûke kinne, de adressen kinne trochjûn wurde oan ien fan de tekkenhaaksters.