Mem en dochter meitsje tegearre berneboek

Driezum - By útjouwerij Bornmeer ferskynt dizze wike it Fryske berneboek Akkie yn ’e winter, skreaun troch Debbie van Elden en yllustrearre troch Els van Elden fan Driezum.

It berneboek giet oer Akkie dy’t wekker wurdt op in wintermoarn en sjocht se dat de wrâld bedobbe is ûnder in flink pak snie. Dêr wol Akkie fansels neat fan misse en se giet sa gau mooglik nei bûten. Se wol mei de slide fan de heuvel ôf, mar oft dat no wol sa’n goed idee is…

Debbie van Elden is fan jongs ôf drok dwaande mei taal en dat komt dúdlik ta utering yn de troch har skreaune gedichten en ferhalen. Els van Elden is biblioteekmeiwurkster yn it Noarden fan ’e provinsje. Sy seach dat it oanbod fan Fryske boeken einlings mar frij beheind is, dat sy wie fuortendaliks wakker entûsjast doe’t har dochter foarstelde om tegearre in berneboek te meitsjen. Sa waard Akkie berne, in nijsgjirrich famke dat graach op aventoer giet op it Fryske plattelân. Debbie tekene foar de teksten, Els van Elden foar de yllustraasjes.

Akkie yn ’e winter is it twadde berneboek oer Akkie. Ferline jier ferskynde Akkie op ’e pleats. It boekje is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.<