Blijspul Marrum: Straf

MARRUM Is it miskien in straf foar Anton Velsen omdat hy yn in fersoargingstehȗs wenje mat? Of straft hy op syn beurt wer syn soan, omdat hy merkt dat hy gebrȗk meitsje wol fan de definitive ferhuzing om syn wenning ferkeapje te kinnen? Of hat it toch mear te meitsjen mei de taakstraf dy Bert Bezuyen folbringe mat yn it fersoargingstehȗs? De komst fan Bert yn it fersoargingstehȗs is seker gjin straf foar suster Sylvia, sa docht al hiel gau bliken.

En om op 8 en 9 maart nei de útfiering fan dit stik te gean is alhiel gjin straf.

Regy: Janet Rekker.

Spilers: Anne van Oosten, Alie van Oosten, Sieb de Ruiter, Hermanna de Ruiter, Lourens Koldijk, Klaas Pieter Osinga, Anita van Kammen, Sjoukje Boersma en Elisabeth Roersma.