Earste eksimplaar Doutzen yn swier waar útrikt

MARRUM - Ofrûne wike waard oan de Marrumer skriuwer Rommert Tjeerdsma it earste eksimplaar fan syn nijste roman Doutzen yn swier waar oerhandige.

Dat barde troch de foarsitter fan de KFFB Johannes Bakker.

De roman is it lêste diel fan de Doutzen-triology. Hjirfoar kamen by de KFFB al de beide oare dielen Om Doutzen en Doutzen ûnder fjoer út.

Doutzen yn swier waar giet oer in jonge frou waans man, Sibe, lid is fan de NSB. Nei de oarloch moat Sibe dêr foar boetsje en komt er yn strafkampen telâne. Yn dy kampen gie it perfoarst net sêftsinnich om en ta.

Doutzen hat it yn dy tiid ek net maklik: troch de measte lju wurdt se mei de nekke oansjoen.