Tomke op De Twine

DOKKUM

Lyk as foargeande jierren wurdt ek dizze wike, rounom yn Fryslân, wer folop foarlêzen út it Tomke-boekje.

It foarlêzen hat as doel safolle mooglik minsken, sawol bêrn as folwoeksenen de Fryske taal brûke te litten troch te lêzen as te lústerjen. En dat bart wanneer âlders, masters en juffen, pakes en beppes foarlêze oan de bêrn. Hjirmei probearje we ús Fryske taal libben te hâlden.

Net allinnich op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders wurdt foarlêzen, mar ek by de beukers fan SBO De Twine yn Dokkum. Krekt as foar pjutten is Tomke ek in prachtig projekt foar dizze doelgroep, dy ’t faaks in taalefterstân hawwe.

It foarlêzen fan it ferhaaltsje “In kadootsje foar Kornelia” wie in grut sukses. Bynammen omdat der in slak yn foar kaam, dy ’t út syn hûske tefoarskyn kaam en doe oer harren hân rinne mocht! Nei ôfrin wie der foar eltse beuker in Tomke-boekje wat se meinimme mochten nei hûs.