Wânswerter feestdagen

WANSWERT

Oer in pear wiken is it tiid foar it moaiste feest fan 't jier! Wy hawwe ek foar dizze kear wer in moai program op priemmen setten.

Woansdei 8 augustus: Domme Jûn

Tradisjoneel wurdt it Wânswerter feest iepene mei de Domme Jûn. In hapke, in drankje en wat seure en eamelje. En fansels in ferkiezing. Ferline jier hiene wy de tûkste ynwenner fan it doarp en wa wit komt der dit jier wer ien. Of mooglik in domste of in slûchslimste doarpsgenoat. Der is mar ien manier om der efter te kommen wa’t it wurdt en dat betsjut: Net stinne, mar der hinne!

Gezelligheid kent geen tijd!

Oanfang: 20:30 oere

Tongersdei 9 Augustus Pylkje Smite

Ek diit jier is der op de tongersdei wat te rêden by it Doarpsfeest fan Wânswert: it prestizjeuze Pylkje Smite!

It toernoai sil bestean út in inkelspul en oanlotte span.

It begjint om 16:00 oere en dielname kostet 7,50 euro de man.

Opjaan kin fia ús Facebookside of tillefoanysk by Niels Terpstra 06-23302522

Dielname is tastien foar spilers fan de twadde divyzje en leecher. Spilers moatte 16 jier of âlder wêze.

Freed 10 Augustus Toulûke!

It toulûken kin fansels net misse op it Wânswerter feest. Teams moatte bestean út op syn minst 4 manlju en 2 froulju (maksimaal 8 persoanen it team). Dielname kostet 5 euro de man, mar dan kinne je nei ôfrin wol fergees de feesttinte yn. Oars is it 10 euro yntree. Bern under de 12 meie der fergees yn.

Opjaan kin fia ús Facebookside of tillefoanysk by Douwe Sjirk Zijlstra 06-20503729

Oanfang: 19:30 oere. Nei ôfrin musyk fan RENDAQ

Sneon 11 augustus Bernespultsjes en TOP-coverband ‘PERFECT SHOWBAND’

Middeis binne fan 14.00 oere ôf der bernespultsjes.

Fan’t jier hawwe wy ek wer in ko dy priiswinnend wêze kin: we ferkeapje nammentlik kavels foar ‘Skyt dy ryk’. Ferkeapers fan de Feestkommisje komme meikoarten by de doarren del om de kavels te ferkeapjen. Per persoan meie der twa kavels kocht wurde. At it slagget soarget de ko sneonejûn foar de winnende priis en dat kin maksimaal 250 euro wêze!

De jûns sille we heafoarke goaie. Dit begjint om 19.00 oere neist de tinte. Op itselde stuit sil de ko loslitten wurde foar ‘Skyt dy ryk’

As útsetter fan it feest spilet de TOP-coverband ‘Perfect Showband’ yn ‘e tinte.

Kaarten binne fan 6 augustus ôf yn ‘e foarferkeap te krijen foar 12,50 euro it stik by Douwe Sjirk Zijlstra op ‘e Wirdsterterp 2 te Wânswert. De jûns oan ‘e kassa binne de kaarten 15 euro it stik.

Oant sjen by de Wânswerter feestdagen!