Oerlis mei rekreaasje- en toerismebedriuwen Noardeast-Fryslân

Westergeast

Kommende freed, 9 novimber 2018, sil om 19.30 oere in oerlis plakfine tusken rekreaasje- en toerisme-ûndernimmers út Noardeast-Fryslân en de FNP. Underwerp is de takomst fan de rekreaasje- en toerisme-sektor yn de regio. Der binne 18 bedriuwen út de brede rekreaasje- en toerismesektor útnûge. Dat wol sizze, sawol campinghâlders, swimbaden, ferbliuwsrekreaasje, deirekreaasje, kafee-restaurants, jachthavens ensfh.

De FNP wol fan de bedriuwen graach witte hoe’t it no steld is mei de sektor yn de regio. Binne der noch winsken? Wat kin oars, wat kin better? Is der ek in effekt fan Kulturele Haadstêd (LF2018)?

De iepenbiere byienkomst is yn Westergeast (camping Hammerslag), om 19.30 oere.