Tryater spilet Doarp Europa by NNDI Dokkum

DOKKUM

Wa bin ik en wêr bin ik thús? Wêr’t wy wenje en wurkje drage by oan de foarming fan ús identiteit. Dêrom spilet Tryater Doarp Europa op plakken dêr’t minsken har eigen fiele: yn húskeamers én by bedriuwen.

Húskeamerfoarstellingen

Tryater spile de ôfrûne tiid húskeamerfoarstellingen by û.o. by Wieky Goet yn Dokkum, by de fam. Hiemstra yn Westergeast en by de fam. Jansma yn Kollum.

Foarstelling by NNDI

Op sneon 15 desimber is de lêste bedriuwefoarstelling fan de toernee te sjen by de Noord Nederlandse Draadindustrie oan de Holwerterwei 33 yn Dokkum. It publyk sit yn de produksjehal. De lêste kaarten binne te keap fia www.tryater.nl en 058-2539550 (ti. en to. 14:00-17:00 oere).

Open Coffee Club Dokkum

Tryater komt ek graach yn kontakt mei oare Dokkumer ûndernimmers. Dêrom is it selskip freed 7 desimber te gast by de Open Coffee Club Dokkum, fan 10:15 ôf yn de IJsherberg.

Oer de NNDI

Sûnt 1993 wurkje de ynmiddelsk 46 meiwurkers fan de NNDI yn de 15000 m2 grutte fabrykshal oan de Holwerterwei yn Dokkum. De NNDI is in spesjalisearre produksjebedriuw foar it meitsjen fan û.o. wapeningsstiel foar bygelyks betonkonstruksjes, blank trie foar bygelyks winkelkarkes, fersinkt trie foar bygelyks ferverollers en kleanheakjes en trienagels foar alle soarten en maten spikers. De NNDI hat in eigen laboratoarium dêr’t de einprodukten earst test wurde foar’t se de fabryk útgean.

Oer Doarp Europa

Yn Doarp Europa sjogge we in doarp, oan ‘e rivier, op ‘e flakte of oan ‘e foet fan in berch. Wikseljende settingen mei deselde archetypen, minsken dy’t harren op in bepaalde wize ta mekoar ferhâlde. Elk fan de spilers nimt it publyk mei yn in eigen perspektyf fan syn of har syktocht nei it thúsgefoel, mei ferskillende talen fan Europa en fan teater.

It konsept en de regy foar Doarp Europa binne fan Ira Judkovskaja. Eelco Venema skreau in grut part fan de teksten. Peter Sijbenga die de dramaturgy. De cast bestiet út Sjoerd Blom, Aly Bruinsma, Beppe Costa, Romke Gabe Draaijer, Klaus Jürgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Brecht Wassenaar en Sonia Zwolska. De muzyk is ek fan Beppe Costa.